Ek twadde gifkontener lekt

26 jan 2004 - 00:00

De twadde kontener fan it skip de Andinet, dy't moandei burgen is, lekt ék gif. Ferline wike die al bliken dat de earste kontener dy't boppe wetter helle waard, lek is.

De konteners mei arseen-pentoxide binne yn desimber mei noch in tredden en 63 losse fetten oerboard slein. Stichting de Noordzee warskôge doe fuortendaliks al foar de gefaren foar it miljeu, mar krige dêr in soad krityk op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)