Noch fjouwer foar Nijenstein

26 jan 2004 - 00:00

Der binne noch fjouwer gadingmakkers oer foar de oankeap fan it monumintale gebou Nijenstein yn Bûtenpost. In wurkgroep dêr't pleatslik belang, de middenstânsferiening en de gemeente Achtkarspelen yn sitte, besjocht ynkoarten de plannen fan de kandidaten.

It kolleezje fan B en W fan Achtkarspelen krijt dêrnei in advys. Doe't Nijenstein yn oktober te keap kaam wiene der earst tweintich reaksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)