Sportprojekt foar bern
Bern út Achtkarspelen en Kollumerlân binne moandei mei in projekt begûn om mear te sporten. Lanlik sporte bern fiersten te min en dat moat oars.
Wethâlder Veenstra fan Achtkarspelen joech moandei it startsein op basiskoalle De Lichtbron yn Bûtenpost. By it projekt, mei de namme 'Kies voor hart en sport', krije bern in boekje mei ferskate sporten dêryn beskreaun. Se meie dêrfan ien kieze, dêr't se in pear keer fergees oan meidwaan kinne.
Trefwurden:
argyf