Debutanten winne Lytske Aaipop

26 jan 2004 - 00:00

De Strange Onions út Drachten binne sneontejûn winner wurden fan Lytske Aaipop. Der diene acht bands mei oan it festival dat as opstapke foar Aaipop op peaskemoandei jildt.

De Strange Onions, dy't foar it earst op it poadium stiene, meie no meidwaan oan de 'grutte' Aaipop. It dielde twadde plak wie der foar it duo Ljoubjr fan Britsum en de band Geradbraakt fan Toppenhúzen. Der kamen sawat 150 minsken op Lytske Aaipop ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)