Ritsma wol gau ûnder it mes

25 jan 2004 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Rintje Ritsma wol sa gau mooglik operearre wurde. Nei't de Lemster it kûtbonke brutsen hat, hat er in izeren pin. Dy moat derút. No't er him nei de skate-offs fan sneon net pleatst hat foar it WK yn Hamar, wol er de operaasje net langer útstelle.

Neffens Ritsma is dit seizoen noch net ferlern. De TVM-rider wol yn maart wer it iis op. Mooglik docht er mei oan de rekordwedstriden yn Calgary.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)