Titus Brandsma museum iepene

25 jan 2004 - 00:00

It Titus Brandsma Museum yn Boalsert is sneon offisjeel iepene. Dêrby binne twa nije reliken toand: in hoed en in krús. Kommissaris Nijpels priizge de maatskiplike belutsenheid fan de pater.

Brandsma hat it Roomsk Frysk Bûn oprjochte. Ek makke er him sterk foar ûnderwiis yn it Frysk en wie er ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy. Hy is berne yn 1881. Yn 1942 is er nei Dachau transportearre. De Paus ferklearre him yn 1985 sillich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)