Sieuw mishannelet Ljouwerter

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (29) is sneon yn Seelân mishannele troch in Sieuw (62). Hy sloech de Fries mei in hammer op de holle, doe't dy by him oanbelle om him it paad te freegjen. Doe't de plysje de Sieuw besocht oan te hâlden, fersette dy him bot. Twa plysjemannen rekken dêrby ek ferwûne.
Wêrom't de âldere man de Ljouwerter sloech is net dúdlik. Hy wurdt ferfolge foar it besykjen ta deaslach. De Ljouwerter is troch in dokter behannele.