Winst foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat sneon mei 1-0 wûn fan Vitesse. De Friezen wûnen yn Arnhem troch in doelpunt fan Richard Knopper yn de sechsde minút. Yn de ploech fan Foppe de Haan sieten mar trije spilers út Nederlân. De Noar Daniël Berg Hestad makke syn debút.Hy fûn dat it wol aardich gie foar de earste kear.
De oerwinning betsjut in moai begjin fan de twadde helte fan de kompetysje. En in goed begjin op wei nei Europeesk fuotbal.