Hearrenfean-supporters oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn op it stasjon fan Ljouwert 73 Hearrenfean-supporters oppakt. De groep wie mei de trein ûnderweis nei Arnhem foar de wedstriid SC Hearrenfean tsjin Vitesse. Fanwegen fernielings yn de trein by Zwolle stjoerde de plysje de supporters werom.
Om't op It Hearrenfean te min plysje beskikber wie, binne de supporters nei Ljouwert riden. Op de weromreis makken se it ynterieur fan de trein stikken. Der sitte noch twa supporters fêst.