Gjin WorldCup foar Wieteke

24 jan 2004 - 00:00

Foar in publyk fan tûzenen minsken yn Thialf wienen sneon de skate-offs. Dêrmei koene noch startbewizen foar it WK yn Hamar, Noarwegen binnenhelle wurde troch riders dy't noch net kwalifisearre wienen.

By de froulju gie sa'n startbewys nei Gretha Smit. Sy waard earste yn it klassemint nei winst op de 3 kilometer. Wieteke Cramer fan de Lemmer soe al nei Noarwegen, mar koe har sneon net mear pleatse foar de WorldCup.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)