Peter de Vries wint Weissensee

© Omrop Fryslân
Maratonreedrider Peter de Vries fan it Hearrenfean hat sneon de Iepen Nederlânske titel op natueriis helle op de Weissensee yn Eastenryk. Oan de ein fan de race ûntsnapte er oan in kopgroep fan fiif man. Twadde waard Martijn Kromkamp en tredde Ruud Aerts.
By de froulju gie de titel nei Daniëlle Bekkering. Se sette in tiid del fan 1.51.23. Petra Grimbergen en Yasmin van Benthem kamen as twadde en tredde út de massasprint.