Wat kostet smoken ûnder wurktiid

24 jan 2004 - 00:00

De fraksje fan Leefbaar Leeuwarden wol fan it kolleezje witte wat it kostet as minsken ûnder wurktiid smoke. Dat smoken mei net mear op de wurkplakken dien wurde, en dus moatte minsken har wurk derfoar ûnderbrekke.

Leefbaar Leeuwarden wol witte hoefolle dat kostet en wêr't it kolleezje dat jild weihelje wol. De partij wiist dêrby op it foarnimmen fan it kolleezje de produktiviteit fan it gemeente- persoaniel te fergrutsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)