Lêste dei Weidenaar yn Nijewier

23 jan 2004 - 00:00

In feestlike, mar tagelyk drôvige dei wie it freed yn Nijewier. Nei fiifensantich jier giet slachter Weidenaar út it doarp wei. Freed wie de winkel foar it lêst iepen. It famyljebedriuw ferhuzet sneon nei in gruttere lokaasje yn Dokkum.

Skoalbern koene freed in pizza meitsje en alle klanten krigen in roas en in bakje kofje mei oranjekoeke. Weidenaar, dat bekend stiet om syn woarsten, is te grut wurden en moast in nij pân ha.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)