Beljen smyt kuorbalclub jild op

© Omrop Fryslân
Kuorbalferiening SCO út Aldeholtpea hat in sponsorkontrakt ôfsletten mei in bel-oanbieder, wêrby't de leden, stipers en oare sympatisanten fan de klub koarting op de gesprekskosten krije. It jild dat sa útsparre wurdt, wurdt troch de bel-oanbieder op de klubrekken stoart.
Fan de totale belomset krijt de kuorbalferiening fjouwer persint. De bellers hawwe sels koarting, mar de feriening hat der ek noch wat oan.