Boete foar feetransporteur

© Omrop Fryslân
In feetransporteur út Fryslân is troch de Algemene Inspectie Dienst bekeurd, omdat er fee net neffens de regels nei Spanje ferfierde. De transporteur hie it fee út de 4 noardlike provinsjes helle en op in parkearterrein by Zwolle yn ien frachtauto laden.
Dat hie er lykwols dwaan moatte by in erkend sammelplak, dêr't de frachtwein skjinmakke en ûntsmet wurden moatten hie. Sa moatte besmetlike syktes foarkommen wurde.