Oerfallers Steggerda oppakt
De plysje hat twa manlju út Grins oanhâlden, dy't nei alle gedachten it brein binne achter de oerfal op in bankmeiwurker yn Steggerda. De man waard begjin desimber thús oerfallen en meinaam nei de bank yn Aldeberkeap dêr't er wurke. De plysje koe de man befrije en de trije oerfallers oppakke. Sij sitte fêst en ha bekend.
De fertochten waarden earst ek fertocht fan in oare oerfal yn Steggerda mar de plysje kin it bewiis net rûnkrije.