PvdA wol ûndersyk pardonregeling

23 jan 2004 - 00:00

Der moat útsocht wurde hoefolle Fryske asylsikers dy't ûnder de saneamde generaal-pardon-regeling falle, dat pardon nét krigen ha. Dat stelt de PvdA-steatefraksje. Deputearre Steaten wurdt om in ûndersyk freegje.

Lanlik falle der goed 2000 asylsikers ûnder de regeling. 3500 asylsikers dy't ek tochten ûnder de regeling te fallen, moatte lykwols werom nei harren lân. De PvdA-steatefraksje wol no witte hoe't dat kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)