Winst foar beloften Hearrenfean

23 jan 2004 - 00:00

Jong Hearrenfean wûn tongersdei op sportpark Skoatterwâld sûnder grutte problemen mei 2-0 fan Excelsior. Manu Dagher en Johan Hansma skoarden foar Hearrenfean. De Feanster beloftes wiene de hele wedstriid sterker, mar se kamen der yn 'e earste helte net goed troch by de Rotterdammers.

Yn 'e twadde helte slagge dat wol. Dagher skoarde út in rebound nei in skot fan Rigter. Hansma makke by de earste peal in kopgoal út in corner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)