Seehûnen noch net weromset

© Omrop Fryslân
De seehûnekresj Pieterburen stelt it werompleatsen fan seehûnen út. No't bekend wurden is dat der gif lekt út de konteners dy't fan it skip de Andinet ôffallen binne, fynt Lenie 't Hart it ûnferantwurde om de bistjes yn see te setten.
De aktualiteiterubryk Twee Vandaag berjochtet freed dat it gif noch folle slimmer is as oant no ta bekend is. De konteners binne trije moanne ferlyn mei in stoarm yn de Noardsee fallen.