Meiwurkster stelt fan âlderein

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige meiwurkster fan it fersoargingshûs Herema State op it Hearrenfean hat de bewenners ûnder har wurk twa jier lang bestellen. De frou wurdt derfan fertocht dat se yn dy tiid 25 kear guod meinommen hat út ferskillende keamers. It gie benammen om jild en sieraden. De dieverij hat foar in soad ûnrêst soarge ûnder bewenners en personiel. De frou is yn desimber ferline jier oanhâlden en daliks ûntslein.