24 maart oer iepenbier ferfier

© Omrop Fryslân
De harksittings oer de takomst fan it iepenbier ferfier wurde op 24 maart hâlden yn it provinsjehûs yn Ljouwert.
Gemeentebelangen Fryslân wie mei it útstel foar de harksitting kaam. De partij fynt it net te fernearen dat der mooglik jierliks trije miljoen euro besunige wurde moat op it iepenbier ferfier. Deputearre Steaten soene dat jild beskikber krije as bygelyks it busferfier skrast wurdt út doarpen mei minder as 750 ynwenners.