3 jier sel easke tsjin Amelanner

22 jan 2004 - 00:00

Tsjin in 41-jierrige Amelanner ambulânse-sjauffeur, dy't fertocht wurdt fan ûntucht, is foar de rjochtbank trije jier sel easke. Dêrfan is ien jier ûnder betingst.

De man soe jierrenlang froulike kollega's lêstichfallen ha en ûnder druk seksuele hannelingen mei har pleegd ha. De saak soarge yn de sletten mienskip fan it eilân foar in protte opskuor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)