Boete foar Connexxion

22 jan 2004 - 00:00

Busmaatskippij Connexxion hat in boete krigen foar it brûken fan gefaarlike busdoarren. Yn desimber kaam in bussjauffeur om it libben trochdat er bekneld rekke tusken de foardoar fan de bus.

De arbeidsynspeksje ferwyt Connexxion dat se de sjauffeurs net op de hichte steld hiene fan it probleem mei de doarren. Hoe heech de boete wurde sil, is noch net bekend. Connexxion is al dwaande de busdoarren te ferfangen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)