Ferset Marrumers tsjin wynmûnen

22 jan 2004 - 00:00

Ynwenners fan Marrum fersette har tsjin de komst fan twa grutte wynmûnen oan de râne fan it doarp. Se binne benaud foar lûdsoerlêst en horizonfersmoarging. Neffens de gemeente falt it lûd lykwols wol binnen de wetlike grinzen.

De bewenners tinke sels al oan rjochterlike stappen om de komst fan de wynturbines te kearen. Neffens de boargemaster giet it net om twa mar om ien wynturbine. Dy is fan fabrikant De Wolff op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)