18 en 12 jier sel foar moard

22 jan 2004 - 00:00

Twa Ljouwerters fan Antilliaanske komôf (beide 24 jier) binne tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta achttjin en tolve jier sel mei tbs en twangferpleging. Dat fanwege trije sjitpartijen yn Ljouwert yn juny 2003.

By ien sjitpartij waard in 19-jierrige Antilliaan fermoarde. De feroardielden ha ek in oanslach pleegd op in húsgenoat om't dy tsjûge wie fan de moard. It slachtoffer (21) oerlibbe de sjitpartij mar is foar in part ferlamme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)