Wymbrits ynset boufraude
De ruilverkaveling yn Wymbritseradiel is ynset fan in proefproses oer de boufraude. Koop Tjuchem fierde it wurk út. Mar letter die bliken dat der jild betelle wie oan oare oannimmers sadat it wurk ek echt nei Koop Tjuchem gie. Dêrtroch is de oannimsom omheech gien.
It Ryk wol no besykje dy skea werom te foarderjen. Fjouwer ministearjes fiere proefprosessen en it Lânbouministearje keas de Fryske gemeente út.