CR-Delta jout ta oan NMa

© Omrop Fryslân
Feeferbetteringsorganisaasje CR Delta hâldt op mei it jaan fan koartings oan ôfnimmers fan fok-bolle-sied. De NMa hat it bedriuw in boete oplein fan 2,6 miljoen euro en in twangsom fan ien miljoen euro foar de koartings.
Neffens de NMa is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje. It bedriuw komt yn ferweer tsjin it beslút fan de Mededingingsautoriteit. Op langere termyn wurde juridyske stappen net útsletten.