Tryater spilet yn frachtwein

© Omrop Fryslân
Tryater hat in foarstelling makke dy't ynspirearre is op it famke fan Yde. It stik 'Het experiment van de heer Borgers' wurdt spile yn in mobyl teater, in frachtwein fan 18 meter. Borgers hat in tiidmasine útfûn en al reizgjend moetet er minsken, sa ek it famke fan Yde. Sa wurdt in feanlyk neamd dat yn 1897 fûn is.
It stik wurdt goed hûndert kear spile, fral by basisskoallen yn Drinte. De premiêre is 31 jannewaris.