Exxin foldocht noch net

21 jan 2004 - 00:00

De nije formule fan it eardere Adverium yn Drachten is wer gjin sukses. It ynformaasjesintrum foar duorsum bouwe en wenje foldocht net oan de ferwachtings fan eigner Friesland Bank.

It sintrum oan de A7 krige in jier lyn in nije namme (Exxin) en in nije formule. It doel wie mear minsken te lûken. Der binne mar trije bedriuwen yn it gebou. De Friesland Bank wol de formule gau wer feroarje. Fan ferkeap is foarearst gjin sprake.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)