Muzyk Maskelynpriis foar De With

21 jan 2004 - 00:00

Johan de With (1939) fan Feanwâlden krijt dit jier de Muzyk-Maskelyn-trofee fan Omrop Fryslân. De dosint, komponist en dirigint krijt de trofee fanwegen syn fertsjinsten foar de amateurmuzyk yn Fryslân. Hy hat in soad dien om de akkordeon te promoatsjen. As komponist hat er in rige wurken op syn namme te stean.

De With krijt de trofee 31 jannewaris op it Brassband Festival Fryslân yn de Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)