Werf Bijlsma foarearst rêden

© Omrop Fryslân
Skipshelling Bijlsma op De Lemmer is foarearst rêden. Direkteur Bijlsma hat syn persoaniel woansdei meidield dat it bedriuw in opdracht krigen hat. It giet om it ferbouwen fan in opliedingsskip ta passazjiersskip. Der is seis wiken wurk foar de measte fan de goed santich wurknimmers.
Neffens de direkteur is it noch net dúdlik hoe't it dêrnei mei it bedriuw komt. It binnenheljen fan nije opdrachten bliuwt dreech.