Grien ljocht foar nije brêge
De autobrêge tusken de Sudergrêftswâl en de Nieuweweg yn Ljouwert komt der. Neffens it kolleezje soarget de brêge foar in optimale berikberheid fan it sintrum. Auto's út it suden ride oer de nije Blokhûsbrêge nei it sintrum. It ferkear út it sintrum rydt lykas no oer it Beursplein.
De oanlis fan de autobrêge is djoer mar nedich, seit wethâlder Marga Waanders. Uterlik maart 2006 moatte de auto's oer de brêge ride kinne.
Trefwurden:
argyf