Tefolle túch yn Ljouwert

21 jan 2004 - 00:00

Ljouwert hat tefolle túch op strjitte en Ljouwerters kleie deroer. Der wurdt te min dien om it grien tusken de tegels fuort te heljen. Dat seit buro Eco Consult. De polityk prate tiisdei oer hoe it ûnkrûd bestriden wurde moat.

Mei gemyske middels dy't goedkeap en effektyf mar skealik foar it miljeu binne of mei masines. Dat lêste bart no ien kear yn it jier. Mar it wurdt der net skjin genôch fan. De politisy stimden tsjin gemyske middels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)