FNP pleitet foar lichte treinen

© Omrop Fryslân
It spoar tusken Ljouwert en Harns kin yn stân holden wurde troch lichte treinstellen ride te litten. Dy binne ûnderhâldsfreonliker, brûke minder enerzjy en binne dus goedkeaper. Dat seit de steatefraksje fan de FNP, dy't it spoar tusken Ljouwert en Harns en ek tusken Ljouwert en Starum behâlde wol.
Mei dy spoarlinen bliuwt de berikberens fan Ljouwert garandearre, neffens de FNP. De provinsje oerwaget in bus ride te litten tusken Harns en Ljouwert.