Nije hynstebeurs yn Drachten
Drachten krijt de grutste hynstebeurs fan Noard-Nederlân. Plak fan it evenemint is it Frysk Kongressintrum, it eardere Frysk Hynstesintrum. Dêr wurdt yn it lêste wykein fan maart de beurs 'Horse & Lifestyle 2004' hâlden.
As it goed giet, moat de hynstebeurs in jierliks weromkommend spektakel wurde. Rydferienings út de omkriten en it hynstestamboek wurkje mei oan de beurs. De hynstebeurs is unyk foar Noard-Nederlân.
Trefwurden:
argyf