Boereprotest tsjin 'Brussel'

20 jan 2004 - 00:00

Tsientallen Fryske boeren hawwe yn Den Haag protestearre tsjin it Europeeske lânboubelied. Brussel wol dat dat op de helling giet en herfoarme wurdt. Ek yn Dútslân, België en Ingelân giene boeren de strjitte op. As it oan Brussel leit, moat de helte fan it tal boerebedriuwen ferdwine. Ek in punt fan striid is ferleging fan 'e molkpriis.

De lânbou-organisaasjes binne ferdield oer de aksjes. Neffens de NLTO pakke de herfoarmings goed út foar de boeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)