Ofslanke hûn wint fergees iten

© Omrop Fryslân
Hûn Droofy út Muntsjesyl stiet yn de finale fan in lanlike dieetwedstriid foar hûnen en katten. De heale Jack Russell is ôfslankt fan 21 nei 13,5 kg. Foar dy bysûndere prestaasje hat er in heal jier lang fergees iten wûn, wol yn de 'light'-ferzje fansels.
Kommende woansdei is de finale yn it bistepark yn Amersfoort. As Droofy dêr ek wint, krijt bazinne Jacqueline Gales in reischeque fan 1500 euro.