Sierd van der Berg nei Japan
Ald-Cambuur keeper Sierd van der Berg wurdt keeperstrainer yn Japan. Hy hat in kontrakt foar ien jier tekene by Ouita Trittany, in klub út de Japanske J-league. De trainer by dizze klub is Han Berger, dy't Van der Berg noch ken út syn Cambuur-tiid.
Ouita is in stêd yn Súd-Japan, net fier fan Nagasaki. De klub spilet yn 'e middenmoat fan 'e J-league. Van der Berg wurke de lêste jierren by ONS Snits, Broekster Boys en Hurdegaryp.
Trefwurden:
argyf