Frjentsjerter skoallen opknappe

20 jan 2004 - 00:00

Skoalgebouwen yn Frjentsjerteradiel binne der min oan ta. Se foldogge net mear oan de easken fan dizze tiid. De gemeente wol op koarte termyn net mei jild oer de brêge komme. Mear as tsien miljoen euro is nedich.

Skoalbestjoeren ha mei de gemeente praat, mar dat joech neat. Hantekens fan 2000 âlden binne moandei oanbean oan de fraksjefoarsitters fan de ried. As dat net helpt, stappe de skoalbestjoeren nei de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)