Grutmaster-resultaat Ernst
Sipke Ernst (25) fan Damwâld hat yn it Corus skaaktoernoai syn twadde grutmasterresultaat behelle. De skaker fersloech moandei yn Wijk aan Zee yn 'e achtste ronde fan 'e C-groep Maarten Etmans yn 19 setten. Troch de winst kaam Ernst op 6,5 punt.
Troch dizze winst foldie Ernst oan de noarm fan 6,5 út 9 foar in grutmasterresultaat. As Ernst noch ien kear sa'n resultaat hellet mei er tenei de titel grutmaster fiere.
Trefwurden:
argyf