Romeinske skat net ferkocht

19 jan 2004 - 00:00

De Romeinske skat fan De Gordyk wurdt net ferkocht. It heechste bod wie 22.000 euro en dat is te min. En dus geane de twa gouden pantsjes, de leppel en de earmbân út de betide Romeinske tiid werom nei de anonime ynbringers.

Dat echtpear út Drachten hie de Romeinske grêffynst ynbrocht foar de ynbring- en ferkeapútstalling fan streekmuseum Opsterlân. Al mei al hat dy útstalling 5000 minsken lutsen. Der waard foar goed 100.000 euro ferhannele

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)