Lekkerij yn Natuermuseum

© Omrop Fryslân
It Fries Natuermuseum hat al dagen te krijen mei lekkerij. Der wurdt hurd wurke oan de ferbouwing fan it museum en dêrom leit it dak der op dit stuit ôf. De kolleksje fan it museum drige sels skea op te rinnen troch al it reinwetter. Mar troch it kostbere guod mei plastic ôf te dekken, koe slimmer tefoaren kommen wurde.
Ein dizze wike moat it dak fan it museum wer ticht wêze. De ferbouwing leit fierder goed op skema.