Untsnapte fertochte jout him oan

19 jan 2004 - 00:00

De 17-jierrige jonge út Assen dy't fertocht wurdt fan in tal gewelddiedige oerfallen, hat him moandei meld by de plysje yn syn wenplak. De jonge ûntsnapte ferline wike nei't er yn it plysjeburo fan Assen heard wie.

De jonge koe ûntkomme oan syn bewaker doe't dy him werombrocht nei it buske dat him nei de Blokhúspoart yn Ljouwert ferfiere soe. Hy sit yntusken wer fêst. Neist him wurde noch twa oare jonges út Assen fertocht fan de oerfallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)