Fjouwer trûbadoers meitsje CD

19 jan 2004 - 00:00

Noch foar de simmer sil der in CD ferskine fan 'e fjouwer Fryske trûbadoers Doede Veeman, Gurbe Doustra, Jaap Louwes en Piter Wilkens. It wurdt in cd mei live-opnames fan guon fan 'e konserten dy't sy ferline jier mei harren fjouweren jûn hawwe.

De live-opnames wurde oanfolle mei nije lieten, dy't de fjouwer muzikanten op it stuit meiinoar oan it skriuwen binne foar it nije programma. De wurktitel fan de cd is 'Der tuskenút'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)