Bemanning fan rêdingsboat helle

19 jan 2004 - 00:00

In helikopter fan de Keninklike Marine hat sneon de trije bemanningsleden fan de Harnzer rêdingsboat Abt helle. De boat wie by in sykaksje op it Waad fêst kommen te sitten yn it slyk.

De oare 3 boaten dy't oan de sykaksje meidiene, koene de Abt net helpe om't it wetter te leech stie. Omdat it troch de hurde wyn net ferantwurde wie de bemanning oan board te litten, waard de helikopter ynset. De boat sels waard snein fan it Waad helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)