Politike stipe foar asylsikers

© Omrop Fryslân
Twadde-Keamerlid Tineke Huizinga fan de ChristenUnie út It Hearrenfean lûkt har it lot oan fan in asylsikersgesin út Wolvegea. De man komt út Afganistan, syn frou is Russysk. Sy driigje mei har twa lytse bern it lân útset te wurden om't se útprosedearre binne.
It gesin wurdt dan mooglik út elkoar helle om't de frou net wolkom is yn Afganistan. Sy is lykwols ek net wolkom yn har eigen lân om't se gjin goeie papieren hat.