Grêfskeinders moandei foarlaat

18 jan 2004 - 00:00

De twa Ljouwerters dy't fertocht wurde fan grêfskeining op it Noarder- begraafplak, wurde moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslist oft de mannen fan 42 en 45 jier noch langer fêstsitte moatte.

De manlju waarden freed op 'e die betrape doe't se foar de safolste kear koperen stekken fan grêven stelle woene. Ut ûndersyk die bliken dat se de ôfrûne trije wike by sa'n 115 grêven fernielings oanbrocht hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)