Miljoenen út IPR-pot nei Noarden

© Omrop Fryslân
Trije bedriuwen yn it Noarden krije mei elkoar 18 miljoen euro fan it Ryk. It giet om bedriuwen yn Meppel, Hoogezand en de Eemshaven. It jild komt út de IPR pot. Dêr sitte ynvestearingspreemjes yn. De ferwachting is dat it Ryksjild hûnderten nije banen opsmite sil.
Earder krige Philips yn Drachten ek al 4,6 miljoen euro út dy IPR-pot. Philips brûkt it jild foar in grut nij ûndersyks- en ûntwikkelingssintrum dat ekstra banen opsmyt.