Fertraging op spoar Mantgum

17 jan 2004 - 00:00

Oan it spoar tusken Ljouwert en Starum wurdt it hiele wykein wurke. Reizgers op it trajekt Ljouwert-Mantgum wurde mei bussen ferfierd. Der moat rekken holden wurde mei in heal oere fertraging.

De wurksumheden besteane út it fuortheljen fan de houten bylzen. Dêrfoar yn it plak komme betonnen bylzen. Dy hawwe as foardiel dat de trein dêrtroch minder leven makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)