Soad minsken pakt mei slokje op
Yn Snits en omkriten hat de plysje freed de hiele jûn kontroleard op alkohol yn it ferkear. Dat wie net om 'e nocht.
Fan de 425 automobilisten dy't fan de plysje blaze moasten, krigen 25 minsken in proses-ferbaal. Dat is in grut oantal. Koartlyn waarden by grutter opsette kontrôle-aksjes folle minder minsken pakt mei in slokje op.